Gokt en ferlern: plysje Snits docht ynfal by yllegaal pokertoernoai

29 nov 2020 - 21:10

De plysje fan Snits hat sneintemiddei in ynfal dien by in yllegaal pokertoernoai. De ynfal waard dien yn in gebou oan de Oude Oppenhuizerweg yn Snits. Der wiene tsien minsken oanwêzich, dy't allegearre in proses-ferbaal krigen foar it oertrêdzjen fan de coronamaatregels.

Poker - Foto: Shutterstock.com

Der wie gjin fergunning foar it pokertoernoai. Boppedat holden de dielnimmers gjin oardel meter ôfstân en waard der drank ferkocht. De organisator fan it toernoai, in 42-jierrige man sûnder fêst ferbliuwplak, is oanholden op fertinking fan oertrêding fan de Wet op de Kansspelen en it wytwaskjen fan jild.

Der binne fiif pokertafels, in laptop, in mobile telefoan en tûzenen pokerchips yn beslach naam. De plysje wie it pokertoernoai op it spoar kaam troch in anonime tip.

Trefwurden: 
plysje Snits poker
(Advertinsje)
(Advertinsje)