NK sprint duorret foar Femke Kok 'in rûntsje te lang'

29 nov 2020 - 19:13

Femke Kok wûn trije fan de fjouwer ôfstannen op it Nederlânsk kampioenskip sprint, mar dochs giet Jutta Leerdam mei de einoerwinning fuort. De lêste 1.000 meter brekt Kok úteinlik op. "Krekt in rûntsje te lang", is de konklúzje fan de Nij Beetster reedrydster nei ôfrin. Dochs kin se goed libje mei de sulveren medalje. Blydskip is der ek by Suzanne Schulting en Michelle de Jong.

Femke Kok oer har sulveren medalje:

Femke Kok nei it NK Sprint

As je twa kear in 500 meter en ien kear in 1.000 meter winne, mar dochs it einklassemint net winne, soene je sizze dat je bale. Mar, dat jildt net echt foar Kok. "Ik bin 'strijdend ten onder' gien. Ik ha der alles oan dien en it is net slagge, dat is spitich. Mar, ik bin seker net ûntefreden. Ik bin hiel bliid mei de trije ôfstânsoerwinnings", fertelt Kok nei de priisútrikking. Se is ferromme dat it toernoai no klear is. Se waard as ien fan de topfavoriten sjoen en dat soarge foar ekstra spanning. "Dus ik bin bliid dat it wykein der op sit."

De trochslach yn it sprintkampioenskip joech de 1.000 meter op snein. Sneon wie dy krekt hiel goed, mar in dei letter dus wat minder. "Juster (sneon, red.) ried ik in hiele hurde 1.000 meter. Ik ried hast in sekonde fan myn persoanlik rekôr ôf. Somtiden ha je in mindere ôfstân yn in wykein. Dat wie hjoed (snein, red.) de 1.000 meter. De earste 600 meter gie hiel goed. Dêrnei hie ik in hiel soad flaterkes, want ik wie echt wurch. It wie hjoed in rûntsje te lang eins", is de einkonklúzje fan de Reggeborgh-rydster.

Suzanne Schulting oer har brûnzen medalje:

Suzanne Schulting oer it NK Sprint

Njonken Leerdam en Kok stiet Suzanne Schulting op it poadium. Se hellet brûns en rydt op sawol de 500 as de 1000 meter in persoanlik rekôr. "Ik ben heel erg blij met dit weekend. Ik heb drie hele goede afstanden laten zien. De laatste 1.000 meter was niet zo goed, maar het gaat om het eindklassement en mijn doel was het podium, dat heb ik gehaald", fertelt de 23-jierrige reedrydster én shorttrackster.

Schulting is net fernuvere oer har prestaasjes. Op it NK ôfstannen begjin dizze moanne ried se al goed en dat woe se no ek wer besykje. "Ik heb me wel serieus voorbereid op dit NK sprint. Het is niet zo dat ik dit er even bij doe. Het is een serieus punt in de kalender", sa seit Schulting, dy't har no de kommende wiken wer fokusje sil op it shorttracken. De folgjende twa wykeinen binne der twa toernoaien yn Thialf en dêr sjocht se bot nei út. "Ja, zin in!"

Michelle de Jong oer har corona-perioade en it NK sprint:

Michelle de Jong nei it NK Sprint

Sporters hawwe gewoanwei in enoarme hekel oan fjirde wurde, om't je dan krekt gjin medalje hawwe. Foar Michelle de Jong fielt dat snein hiel oars. It NK sprint is har earste offisjele wedstriid fan it seizoen. It NK ôfstannen miste se, om't se posityf test wie op corona. Dat is al fjouwer wiken lyn, mar dochs fernimt se it no noch. "Ik ben nog niet op honderd procent. Ik ben nog heel vermoeid geweest. Dat voel ik nu wel. Ik heb dit seizoen maar vier afstanden gereden en dit weekend weer vier. Dus dat is best pittig", fertelt De Jong, dy't de lêste wiken in hiel soad slept hat. "Heel veel, ook overdag."

De drege oanrin soarget derfoar dat De Jong sûnder ferwachtingen oan de start stie fan dit NK sprint. "Ik wilde lekker rijden en zien wat eruit zou rollen." Uteinlik wie dat in fjirde plak yn it einklassemint, op beide 500 meters in tredde plak én in persoanlik rekôr op de 500 meter. "Een pr durf je niet vanuit te gaan, want je mist toch wel kracht en explosiviteit. Ik ben heel blij en opgelucht!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)