Henk de Jong bringt Breij werom yn basis foar duel tsjin Jong PSV

29 nov 2020 - 18:48

Cambuur spilet moandei de ynhelwedstriid yn Eindhoven tsjin Jong PSV. Nei in drok wykein is de rêst werom yn it Cambuur kamp. Earefoarsitter Ype Smid komt net werom as foarsitter en direkteur Gerald van den Belt bliuwt sitten. "Moai", sa sei Cambuur trainer Henk de Jong nei de training op sneintemiddei.

Henk de Jong foar de wedstriid tsjin Jong PSV

"Ik bin bliid dat Gerald van den Belt bliuwt en ik hoopje dat ús earefoarsitter Ype Smid yn syn rol as earefoarsitter him ynset foar it nije stadion. Want dan sit hy yn syn krêft. Dêr is hy top yn. En dan hawwe we alles wer moai rêstich en feroaret der neat. Dan hawwe wy it wer perfekt foar inoar."

Cambuur trainde snein op de neimiddei noch yn it Cambuurstadion. De ploech stapte om 18.00 oere yn de bus nei in hotel yn Vught. "Dan kin ik fannejûn efkes rêstich sitte mei dy jonges en de taktyk beprate. Sjoch, wy lizze allegearre it leafst yn ús eigen bêd, mar ik wit noch fan MVV ferline jier. Doe stiene wy yn de file en dan hingest goed fjouwer oeren yn sa'n bus om. Mar der wurdt wol in topprestaasje fan ús ferwachte. En dat kin dan net. Der is jild foar om it sa te dwaan en dêr bin ik bliid mei."

Konkurrinsje ferliest

De konkurrinsje fan Cambuur lit geregeld punten lizze. Sa ferlear De Graafschap snein mei 3-2 fan Eindhoven. De Jong: "Ik rekkenje my nea ryk, mar we hiene de punten freed wól. En no moandei wer."

De Jong feroaret net in protte yn de opstelling. Michael Breij wie der freed tsjin FC Den Bosch net by fanwegen famylje omstannichheden, mar hy begjint moandei wer yn de basis. Dat giet ten koste fan Antonia. "Dit haw ik mei Antonia bepraat. Breij die it hiel goed dus der is gjin reden om him te wikseljen."

Drok wykein foar Cambuur

Oanfierder Erik Schouten stiet ek wer yn de basis. Ek oan him de fraach hoe't it is om op sneintemiddei al fuort te gean en te oernachtsjen yn in hotel. "We hebben het vorig jaar ook al een keer gedaan. Uit tegen Excelsior. Anders hadden we vroeg weg gemoeten en we spelen al om half vijf. Dit is prima."

Oanfierder Erik Schouten

It is in drok wykein, mei twa wedstriden yn trije dagen. Gjin probleem sa seit Schouten. "Het is een zwaar programma, maar voetballen is altijd leuker dan trainen en we zitten er lekker in op dit moment. En de concurrentie heeft dit weekend punten laten liggen en wij niet. Dat zijn goede zaken."

Achteryn like it by Camuur ôfrûne freed wol ris wat kwetsber. "Ja we hebben de lat erg hoog gelegd de laatste weken. En dat is prima en als wij wel blijven winnen dan kan het wel eens een mooi jaar worden". Fuotbalje tsjin de Jong-alvetallen is altyd lestich sa fynt Schouten. "Dus we moeten maandag weer echt scherp zijn."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong PSV
(Advertinsje)
(Advertinsje)