UPDATE: Ien persoan ferstoarn by swier ûngelok by Ingwierrum

By in swier ûngelok op de N361 by Ingwierrum is sneintemiddei ien persoan om it libben kaam. In twadde ynsittende is mei spoed nei it sikehûs brocht. Neffens de plysje giet it om in iensidich ûngelok. De auto wêryn de beide minsken sieten bedarre troch noch ûnbekende oarsaak op 'e kop yn 'e sleat.
© De Vries Media
Yn earste ynstânsje wiene helptsjinsten manmachtich ûnderweis nei Wetsens. Uteinlik die bliken dat de auto yn de sleat by Ingwierrum lei.