Jesper Hospes einiget as 11e op NK sprint, titel foar Otterspeer

29 nov 2020 - 16:31

Jesper Hospes fan It Hearrenfean is sneintemiddei op it NK sprint yn Thialf op It Hearrenfean as 11e einige. De Fries gie as nûmer 10 de lêste 1.000 meter yn, mar ferlear mei 1.11,80 tefolle tiid op Gijs Esders en sakke dêrtroch in plakje yn it einklassemint. De titel gie nei Hein Otterspeer.

Foto: www.orange-pictures.nl

Hospes die earder op snein noch goede saken op de 500 meter. Hy einige mei 35,38 as sechde en klom dêrmei nei it tsiende plak yn it klassemint. De oerwinning op de 500 meter mei 34,80 nei Ronald Mulder. It sulver wie foar Dai Dai N'tab (34,85) en it brûns gie nei Hein Otterspeer (34,91).

Thomas Krol, dy't nei de earste dei noch op it twadde plak yn it klassemint stie, gie op it lêste rjochte stik ûnderút en waard dêrtroch 18e yn 36,28. Hy foel dêrmei ek fan it poadium.

Utslach twadde 500 meter

1. Ronald Mulder 34,80
2. Dai Dai N'tab 34,85
3. Hein Otterspeer 34,91
6. Jesper Hospes 35,38

Klassemintslieder Otterspeer hie op de 1.000 meter in foarsprong fan mar leafst 1,49 sekonden te ferdigenjen. De titel kaam foar him op de slotôfstân dan ek net mear yn gefaar. Hy kaam nei 1.08,78 oer de finish en waard dêrmei tredde op de 1.000 meter.

De winst op de lêste ôfstân gie yn 1.08,34 nei Krol. Verbij pakte it sulver mei 1.08,62. Ronald Mulder, dy't foar oanfang fan de 1.000 meter noch fjirde stie yn it klassemint, gie fanwegen ûndúdlike redenen net fan start.

Hospes spile op de 1.000 meter mei 1.11,80 en it fyftjinde plak gjin rol fan betekenis en ferlear dêrmei terrein yn it einklassemint.

De titel op it NK gie dus nei Otterspeer. It sulver wie foar Verbij en N'tab pakte it brûns.

Hospes, dy't mei 13 NK-dielnames de rider mei de measte sprint-ûnderfining wie, sakke troch syn minne 1.000 meter werom nei it 11e plak yn it einklassemint. Gijs Esders en Louis Hollaar giene de Fries noch foarby, mar troch de ôfsizzing fan Ronald Mulder koste him dat mar ien plak.

Ferline jier einige Hospes noch as fjirde op it NK sprint. Dat wie syn bêste prestaasje ea.

Einklassemint

Puntetotaal
1. Hein Otterspeer 138.115
2. Kai Verbij 138.780
3. Dai Dai N'tab 138.920
11. Jesper Hospes 143.320
(Advertinsje)
(Advertinsje)