Femke Kok wint trije ôfstannen, mar pakt dochs sulver op NK sprint

29 nov 2020 - 16:46

Femke Kok fan Nij Beets is sneintemiddei yn Thialf op It Hearrenfean twadde wurden op it NK sprint. De 20-jierrige reedrydster gie nei trije ôfstannen oan de lieding moast op de ôfslutende 1.000 meter in foarsprong fan 0,31 sekonden ferdigenje op Jutta Leerdam. Dat slagge net, want Leerdam wie 1,40 sekonden flugger as Kok. Shorttrackster Suzanne Schulting fan It Hearrenfean gie snein mei it brûns nei hûs.

Kok ried earder op sneon yn de lêste rit op de 500 meter yn in streekrjocht duel tsjin Leerdam. De Friezinne iepene flugger as Leerdam en koe dêrnei op de krusing yn de lijte efter har tsjinstanner oan. Leerdam kaam op it lêste rjochte stik noch wol wat tichteby, mar de oerwinning gie úteinlik krekt nei Kok.

It tredde plak op de 500 meter wie krekt as sneon foar Michelle de Jong fan Rottum 38,19. Dêrmei wie se rapper as shorttrackster Suzanne Schulting dy't op 'e nij in persoanlik rekôr op de 500 meter ried: 38,35. Marrit Fledderus fan Sint-Nyk folge dêr wer krekt efter mei 38,48.

Janine Smit fan It Hearrenfean (38,62), Helga Drost fan Akkrum (38,68), Ireen Wüst fan It Hearrenfean (38,86) en Marijke Groenewoud fan Hallum (39,13) kamen net yn de buert fan it poadium.

Utslach twadde 500 meter

1. Femke Kok 37,52
2. Jutta Leerdam 37,60
3. Michelle de Jong 38,19
4. Suzanne Schulting 38,35 PR
5. Marrit Fledderus 38,48
7. Janine Smit 38,62
9. Helga Drost 38,68
10. Ireen Wüst 38,86
12. Marijke Groenewoud 39,13

Troch har goede 500 meter siet Kok op roazen foar de Nederlânske titel. De Friezinne hie in foarsprong fan 0,31 sekonden op Leerdam, dy't yn de foarlêste rit fan de 1.000 meterstarte moast. Yn dy rit kaam Leerdam ta in tiid fan 1.14,13 en dat wie mar in tsiende flugger as Kok in dei earder wie op de 1.000 meter.

Kok hie yn de lêste rit, wêryn't se ried tsjin har reedrydfreondinne Fledderus, diskear dus genôch oan 1.14,43. Kok sette de fluchste iepening fan de dei del, mar yn de earste hiele ronde ferlear se al in soad tiid op Leerdam. Nei in misser yn de lêste bocht foar de finish koe der definityf in streek troch de titeldream fan Kok, dy't úteinlik yn 1.15,53 oer de finish kaam.

Ek Schulting wie in stik stadiger as sneon, mar se koe har tredde plak mei 1.15,77 wol ferdigenje. Dêrmei pakte se foar it earst yn har karriêre in medalje op in langebaankampioenskip.

Utslach twadde 1.000 meter

1. Jutta Leerdam 1.14,13
2. Femke Kok 1.15,53
3. Ireen Wüst 1.15,56
4. Suzanne Schulting 1.15,77
6. Marrit Fledderus 1.16,71
8. Marijke Groenewoud 1.17,20
10. Michelle de Jong 1.17,22
13. Janine Smit 1.17,38
15. Helga Drost 1.17,90

It twadde plak yn it einklassemint betsjut foar Kok wol in ferbettering yn fergeliking mei ferline jier, doe't se tredde waard. Ek har puntetotaal is in persoanlik rekôr.

Ek Michelle de Jong (4e) en Fledderus (5e) einigen noch nea sa heech op in Nederlânsk kampioenskap sprint. De Jong waard ferline jier 12e, wylst it foar Fledderus sels har debút wie.

Pas ein desimber komme de reedrydsters wer yn aksje. Tusken de krystdagen en âldjiersdei stiet yn Thialf op It Hearrenfean it kwalifikaasjetoernoai foar it WK ôfstannen op it programma.

Einklassemint

Puntetotaal
1. Jutta Leerdam 149.365
2. Femke Kok 149.910
3. Suzanne Schulting 152.250
4. Michelle de Jong 153.105
5. Marrit Fledderus 153.115
6. Ireen Wüst 153.680
9. Janine Smit 154.865
10. Helga Drost 154.895
13. Marijke Groenewoud 155.690
(Advertinsje)
(Advertinsje)