RIVM: 110 nije coronabesmettingen yn Fryslân, 8 mear as sneon

29 nov 2020 - 14:31

Der binne de ôfrûne 24 oeren 110 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der 8 mear as sneon, doe wiene it der 102. It trochsneed tal besmettingen oer de lêste sân dagen is 99.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Súdwest-Fryslân (28). Dêrnei komt Opsterlân (10). Yn alle oare gemeenten binne it njoggen of minder besmettingen.

Yn Fryslân binne sûnt freed gjin nije stjergefallen meld. It totale tal stjergefallen sûnt it begjin fan de corona-útbraak leit op 130.

It RIVM meldt snein gjin nije sikehûsopnamen yn Fryslân.

Ek op It Amelân is in nije coronabesmetting fêststeld, meldt de eilanner gemeente op Twitter. Der wurdt in driuwende oprop oan de ynwenners dien om, mei it sinteklaasfeest foar de deur, de coronaregels yn acht te nimmen.

Lanlik 1.110 mear derby

Lanlik binne der 5.609 nije besmettingen fêststeld. Dat binne der 1.110 mear as sneon.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)