PvdA-steatelid Jaap Stalenburg oer FvD-lieder: "Baudet is knettergek"

29 nov 2020 - 14:17

PvdA-steatelid Jaap Stalenburg neamt Thierry Baudet 'knettergek'. Stalenburg die syn útspraak snein yn it radioprogramma Buro de Vries. Hy wie dêr te gast yn it nijsfoarum, mei ek Twadde Keamerlid Aukje de Vries (VVD) en polityk ferslachjouwer Onno Falkena oan tafel.

Jaap Stalenburg (PvdA) - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neffens Stalenburg is it wol bekend hoe't Baudet is. "Iedereen om hem heen wist dat. Met de Friese statenleden van FvD heb ik medelijden. Of beter: voel ik mededogen. Zij kwamen op een vreemde manier de politiek binnen. Ze hadden geen specifiek programma voor Fryslân en kwamen in de Staten op de naam van Thierry Baudet."

"Door overal in de provincies mee te doen, was voor Forum voor Democratie eigenlijk vooral bedoeld om Rutte in de Eerste Kamer dwars te kunnen zitten", seit Stalenburg. "Als fractie hebben ze zich echter heel aardig ontwikkeld. Toch worden ze door Baudet voor z'n grachtenpand weggezet als een zootje provinciaaltjes!"

Aukje de Vries sei benammen begrutsjen te ha mei de Forum-kiezer. "Dat binne de grutte ferliezers."

Jaap Stalenburg (PvdA), Onno Falkena (Omrop Fryslân), Aukje de Vries (VVD) - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Nijsfoarum oer FvD

fragmint út it Nijsfoarum fan 29-11
(Advertinsje)
(Advertinsje)