Fjetnamees op Campus Fryslân wurket oan Fryske spraaksynthesizer

29 nov 2020 - 10:20

In skreaune Fryske tekst foarlêze litte op de kompjûter. It kin wol, mar it klinkt net natuerlik. Yn oare talen, lykas it Ingelsk, Spaansk en it Nederlânsk klinkt it al folle better en dat komt omdat dêr in bettere, nijere technyk achter sit. Om dizze avansearre technyk ek foar it Frysk beskikber te krijen, docht de Fjetnamees Phat Do in promoasjeûndersyk op Campus Fryslân, ûnderdiel fan de Ryksuniversiteit Grins.

Phat Do - Foto: Eigen foto

It is in probleem dat der net in soad audio yn it Frysk beskikber is. Phat Do hat in hiel soad data nedich om de spraaksynthesizersoftware te 'trainen' yn it Frysk. Dan giet it om typysk Fryske lûden en bylûden en ek om de melody yn in sin.

As foarbyld hat Jelske Dijkstra, dy't Phat Do stipet by syn ûndersyk, de Nederlânsktalige spraaksynthesizer in Fryske sin lêze litten. It klinkt goed, mar de Hollânske 'r' klinkt oars as ús Fryske 'r', en ek de melody yn de sin is krekt wat oars sadat it net hielendal Frysk klinkt.

Jelske Dijkstra - Foto: Eigen foto

Campus Fryslân hat mei Fryske skriuwers en Audiofrysk - útjouwer fan Fryske harkboeken - in gearwurking ôfpraat. De audiobestannen fan de foarlêzen Fryske boeken meie brûkt wurde as trainingsdata foar de spraaksynthesizer. "It grutte foardiel is dat wy dan in soad audio ha fan ien stim én der binne tekstbestannen fan."

Mei dy data giet Phat Do oan 'e slach, mar dan hat er noch net genôch. Neffens him kinne ek oare talen dy't ticht by it Frysk lizze, brûkt wurde as trainingsdata. Hy tinkt oan it Ingelsk, it Nederlânsk en miskien ek it Dútsk, omdat dat talen binne út deselde West-Germaanske talefamylje. By syn ûndersyk besiket er antwurd te krijen op fragen as: Hoefolle oare talen kinst noch brûke? Yn hokker persintaazjes? Wat bepaalt, hokker oare talen brûkt wurde kinne?

Mei de útkomsten fan syn ûndersyk kinne ek fan oare lytse talen spraaksynthesizers makke wurde. Dat it Frysk as earste lytse taal oan bar is, komt troch Campus Fryslân. "Ik bin hiel bliid dat ik hjir myn promoasjeûndersyk dwaan kin en ik wol dan ek wat weromdwaan foar de regio", jout Phat Do as ferklearring.

Kommersjeel net ynteressant

Oer trijenheal jier moat syn ûndersyk klear wêze en moat der in prototype lizze. Neffens Jelske Dijkstra is sa'n spraaksynthesizer hiel wichtich foar in lytse taal. "Ek de lytse talen moatte mei yn alle technyske ûntwikkelingen. Mar foar grutte kommersjele bedriuwen is it net ynteressant, omdat it djoer is soks te ûntwikkeljen en dat kin dan net weromfertsjinne wurde. Dus as wy it net dogge, docht net ien it."

As de Fryske taalsynteze ienkear klear is, komt it fergees beskikber. "Kinst der yn it deistige gebrûk fan alles mei. Yn it ûnderwiis bygelyks. Of yn de soarch: tink ris oan minsken dy't troch in sykte net mear prate kinne. Sy kinne dan troch sa'n Fryske spraaksynthesizer dochs yn har eigen taal kommunisearje."

Buro de Vries: Phat Do en Jelske Dijkstra oer de spraaksynthesizer

(Advertinsje)
(Advertinsje)