Kryst mei Douwe: "Minsken witte net hoe rap oft se de krystdagen yn 'e hûs helje moatte"

29 nov 2020 - 09:20

De krystmuzykstream Kryst mei Douwe is snein wer úteinset by de Omrop. Leafhawwers fan de krystdagen kinne dan 24 oeren deis nei harren favorite krystmuzyk harkje. Presintator Douwe Heeringa hat der wer nocht oan.

Foto: Omrop Fryslân

Dat de muzyk fan de livestream fan oer de hiele wrâld komt, kinst goed sjen yn Douwe syn top 3 krystnûmers. Op nûmer ien stiet nammentlik Jauchzet, frohlocket! Auf, preiset die Tage fan it Weihnachtsoratorium. It stik, skreaun troch Johann Sebastian Bach, klinkt tige ymposant wannear't it útfierd wurdt troch orkest en koar.

As twadde bêste krystnûmer neamt er it Sweedske Koppangen fan Anne Sofie von Otter. It tredde nûmer yn syn list is ek Skandinavysk, it komt út Denemarken. Dejlig er Jorden fan Anne Dorte Michelsen is, sa seit Douwe, by útstek it wichtichste Skandinavyske krystliet.

Dat der in soad ynternasjonale muzyk yn de livestream sit, en der dêrom in ferskaat oan talen draaid wurdt, docht neffens him net ôf oan de krystsfear. "Muzyk is emoasje."

Ek al binne alle nûmers yn Kryst mei Douwe krystferskes, der sit in soad ferskaat tusken. "Mei de krystdagen kin in soad, kinst it hiel kitscherich meitsje mei bellen ensafuorthinne", sa fertelt Douwe. Hy sil lykwols net alle fersykjes ynwilligje. "Hiel âlderwetske muzyk draai ik net. De Dútske Stille nacht songen troch jongeskoaren, bygelyks. Dat wol ik de minsken net oandwaan."

Op strjitte oansprutsen

Douwe kin wol fernimme dat it coronafirus ynfloed hat op de minsken, ek mei de krystdagen. "Minsken witte net hoe rap se de krystdagen yn hûs helje moatte. Se keapje sels no al krystbeammen, ek al moatte se dan faaks foar de krystdagen wer in nije keapje!"

Sels op strjitte wurdt er oansprutsen troch minsken dy't witte wolle wannear't de stream wer begjint, of mei nûmers dy't se graach hearre wolle. "Se wolle geselligens yn 'e hûs. Wolst it smûk hawwe yn 'e hûs, om'tst oars fansels neat kinst", sa seit er.

Kryst mei Douwe is fan snein 29 novimber ôf oan wer te beharkjen op ynternetradio's, de Omrop-app en www.krystmeidouwe.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)