PODCAST Boekekast #4: 'Dûke, verdammt noch mal', in ferhaal fan Geart Tigchelaar

29 nov 2020 - 09:00

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan 'Boeken fan Fryslân' en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de fjirde ôflevering is it ferhaal 'Dûke, verdammt noch mal' fan Geart Tigchelaar te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwer. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra.

As ik it lêste tsjil pak om oan it ûnderstel fêst te meitsjen, stiet myn soan Jacco ynienen yn 'e iepening fan 'e carport.

'Dus dochs?' freget er nei de bekende wei.

'Ja, dus dochs,' sis ik justjes nitelich, om't wy der al safolle wurden om smoarch makke hawwe. De ienmansûnderseeboat út 'e Twadde Wrâldoarloch fan it Dútske type Biber is in erfskip fan ús heit, dy't der doe mei fearn hat.

Ut it ferhaal 'Dûke, verdammt noch mal' fan Geart Tigchelaar.

Foto: Omrop Fryslân

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar (1987) is oersetter, skriuwer en dichter. It idee foar syn ferhaal krige er doe't er it proazagedicht 'Dûkboat' skreaun hie, dat yn syn lêsten ferskynde bondel stiet. "Ik tocht, dêr kin ik wol wat mear mei. It is in frij absurdistysk ferhaal oer in man dy't in dûkboat út de Twadde Wrâldoarloch oerurven hat, mar it is gjin wetterman. Dus hy set der tsjillen ûnder en wol dermei de dyk út. Hy rekket fia in put yn it rioel en belibbet dan tal fan aventoeren."

Tigchelaar woe skoalmaster wurde, mar studearre Frysk yn Grins. Hy is dwaande mei syn twadde roman dy't takom jier ferskine moat. "En it idee foar in tredde roman ha ik ek al." Mei Frank Hopwood hat er ek in podcast 'Boekemantsjes', dêryn besprekke se Fryske en Nederlânske boeken.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân,City of Literature en Omrop Fryslân. Acht wiken lang wurdt sneons in nij ferhaal publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)