Ferwûne by brân yn Berltsumer wensoarchkompleks Pension Welgelegen

29 nov 2020 - 08:26

By in brân yn Pension Welgelegen yn Berltsum is sneontenacht in persoan ferwûne rekke. De brân bruts út yn de wenkeamer fan it wensoarchkompleks foar dak- en thúsleazen. It slachtoffer hie reek ynazeme en is oerbrocht nei it sikehûs.

Foto: Srfotografie

De brânwacht skaalde op nei middelbrân, mar al gau die bliken dat it om in lytse brân gie dy't gau útmakke wurde koe. Dêrnei hat de brânwacht it gebou fentilearre.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)