Mear as 900 studinten NHL Stenden tsjin ekstra kontrôle by online eksamens

29 nov 2020 - 08:00

Studinten fan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert binne it net iens mei hoe't se kontrolearre wurde by online eksamens. Der wurdt te min rekken holden mei de privacy. Mei in petysje wolle de studinten dêr no omtinken foar freegje. "We weten niet waar onze data naartoe gaan", seit Max van Wersch, dy't de petysje opset hat. "Heel veel studenten voelen zich ongemakkelijk."

petysje studinten tsjin tentamenkontrôles

De petysje fan Van Wersch is yn fjouwer dagen mear as 900 kear ûndertekene. Want dat der kontrolearre wurdt dat de studinten net fraudearje by eksamens, dat snappe se wol. Mar dat bart ek al: "We moeten een extensie in onze webbrowser installeren, daarmee kunnen ze je hele scherm zien. Ze filmen je gedurende het hele examen, je geluid wordt opgenomen, verdachte oog- en handbewegingen worden gedetecteerd. Vrij heftige maatregelen."

Fan alle kanten besjoen

Mar no komt der wat by: "De school heeft aangekondigd dat we ook een app op onze telefoon moeten installeren. Die app krijgt dan controle over de camera en je moet je telefoon achter jezelf neerzetten. Zo kunnen ze je van elke kant bekijken."

We zijn als studenten nu gedwongen om óf op deze manier een examen te maken óf we lopen studievertraging op.

Max van Wersch

Van Wersch freget him ôf oft de skoalle de studinten net op in oare manier toetse kin. "Een presentatie houden of een essay schrijven bijvoorbeeld. We zijn als studenten nu gedwongen om óf op deze manier een examen te maken óf we lopen studievertraging op."

NHL Stenden wol noch neat reagearje op de petysje. De hegeskoalle wol earst yn petear mei de studinten.

Trefwurden: 
privacy NHL Stenden studinten
(Advertinsje)
(Advertinsje)