Gesichten op ûnwaar by SC Hearrenfean: "Dit heb ik nog nooit gezien"

29 nov 2020 - 00:10

De yrritaasje wie ôf te sjen oan de gesichten by SC Hearrenfean nei it puntferlies by ADO Den Haag (1-1). De Friezen spilen net grandioas, mar krigen wol genôch kânsen op de oerwinning. "We krijgen drie keer een corner die we voor leeg doel naast schieten", seit spulmakker Joey Veerman. "Dat heb ik nog nooit gezien."

Joey Veerman nei it puntferlies tsjin ADO:

Joey Veerman nei ôfrin fan de wedstriid

Wat ek foar yrritaasje soarge, wie it sloppe begjin. ADO kaam al betiid op foarsprong. Wêr't dat oan leit, wit Veerman net. "We hebben daar wel vaker last van, maar we zijn er nog niet achter hoe dat komt. Die 1-0 was ook weer zo onnodig. We verliezen een duel aan de zijlijn. Dat kan gebeuren, maar hij loopt zomaar vrij op de keeper af."

Al frij rap makke Veerman dêrnei sels de lykmakker, mar alle kânsen dêrnei gongen der net yn. "Je moet gewoon met 3-1, 4-1 of 5-1 van het veld stappen."

Achterin en op het middenveld hadden we genoeg ruimte om de bal in één keer te spelen. Dat deden we gewoon te weinig.

Joey Veerman

Om it ADO echt dreech te meitsjen, hie it tempo omheech moatten. "We nemen te bal te veel aan, waarna we kijken en spelen. Terwijl we achterin en op het middenveld genoeg ruimte hadden om de bal in één keer te spelen. Dat deden we gewoon te weinig."

Woudenberg: "Gewoon afdrukken"

Linksback Woudenberg is it mei syn ploechgenoat iens: "Het baltempo lag te laag, vooral in de tweede helft. Dat moet omhoog: sneller spelen en overslaan. En niet te lang dribbelen met de bal. Daar kunnen we winst behalen."

Dat giet om de opbou, mar ek foaryn kin it neffens Woudenberg better: "Zeker in de eerste helft konden we vaker schieten, maar we wachtten net iets te lang. Je moet gewoon afdrukken op bepaalde momenten. We speelden best wel dominant, maar zonder echt de trekker over te halen."

Oeral is winst te beheljen, neffens Woudenberg:

Ferdigener Lucas Woudenberg oer de wedstriid tsjin ADO

Trainer Johnny Jansen wie flink teloarsteld oer wat syn ploech sjen litten hat, en dan foaral oan it begjin fan it duel. "Je start zo slecht aan de wedstrijd, daar blijf je achteraan voetballen. In de eerste en tweede helft krijgen we een paar goede kansen en dan moet je wel schieten. Die scherpte was er gewoon net niet."

Lang rouwich wêze om de minne wedstriid, wol er lykwols net. "Je mag nu wel treuren, maar maandag moeten de mouwtjes weer omhoog en moeten we weer kijken naar de wedstrijd. Wat hebben we goed gedaan, dat vond ik niet zo heel veel, maar met name wat moeten we echt beter doen?"

Trainer Johnny Jansen is teloarsteld:

Trainer Johnny Jansen nei it lykspul tsjin ADO Den Haag

(Advertinsje)
(Advertinsje)