Ek D66 set Lelyline yn ferkiezingsprogramma

28 nov 2020 - 23:01

D66 pleitet yn it ferkiezingsprogramma foar de komst fan de Lelyline. Earder diene de PvdA, it CDA, de ChristenUnie en de SGP dat al. De Fryske VVD-ôfdieling trunet der by de eigen partij ek op oan om dat te dwaan.

Foto: Omrop Fryslân

De Lelyline past foar D66 binnen in breder pakket fan ynvestearringen yn de publike sektor en de omslach nei in ekonomy wêrby't minder CO2 útstjitten wurdt. Dat is sneon dúdlik wurden op de online ferkiezingsgearkomste fan D66, skriuwt RTV Noord.

It plan fan de Lelyline is in nije spoarferbining tusken de Rânestêd en it Noarden: fan Lelystad oer Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten nei Grins.

Goedkeaper as oer besteande ferbining

Yn in helberheidsûndersyk nei de kânsen fan de Lelyline, earder dit jier, waard dúdlik dat de Lelyline in kânsrike opsje is dy't goedkeaper is as it flugger meitsjen fan de besteande ferbining tusken Amsterdam en it Noarden oer Zwolle.

Freed waard dúdlik dat it Ryk de twa opsjes fierder ûndersykje wol. De ferbining tusken it Noarden en de Rânestêd moat tritich minuten rapper wurde en it moat 'robúster'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)