SC Hearrenfean ferspilet opnij punten by leechfleaner

28 nov 2020 - 21:56

Sportklup Hearrenfean hat foar de twadde wike op rige ferspile op besite by in leechfleaner: seis dagen nei it lykspul tsjin RKC kaam de ploech fan Johnny Jansen ek tsjin ADO Den Haag net fierder as 1-1. De thúsklup kaam betiid op foarsprong, flak dêrnei makke Joey Veerman gelyk. De bettere kânsen wiene dêrnei foar de ploech fan Johnny Jansen, mar der foelen gjin goals mear.

ADO Den Haag kaam nei tolve minuten spyljen op foarsprong: de Falensiaan Pascu spile Lucas Woudenberg mei in knappe aksje troch de fuotten en lei de bal achter de ferdigening fan Hearrenfean. De Dútske middenfjilder David Lennart Philipp wie earder by de bal as Pawel Bochniewicz en skode de bal yn de fiere hoeke.

Lang duorre de achterstân foar de Friezen net. Joey Veerman makke fjouwer minuten letter de lykmakker nei in moai ien-twa'ke mei Ibrahim Dresevic.

Tempo te leech

Nei de 1-1 wie Hearrenfean de bettere ploech, mar it tempo wie te leech om it ADO echt dreech te meitsjen. Bochniewicz wie tichtby nei út in corner, mar syn ynset gong foardel. De Friezen krigen ek in kâns yn de skoat wurpen nei in minne bal fan ADO-doelman Luuk Koopmans, mar Mitchell van Bergen produsearre net mear as in rollerke.

Foar ADO krige allinnich Ilay Elmkies noch in kâns nei in moaie oanfal, mar hy skeat tsjin Jan Paul van Hecke op.

Ibrahim Dresevic - Foto: www.orange-pictures.nl

Ek nei it skoft dominearren de Friezen. Benammen út corners waard Hearrenfean geregeld gefaarlik. Henk Veerman kopte foardel en in pear minuten letter skeat Rodney Kongolo fan tichtby oer nei in goede foarset fan Van Bergen. Healwei de twadde helte kaam in ôffallende bal foar de fuotten fan Benjamin Nygren, syn skot waard flak foar de line fuorthelle.

Veerman ticht by de winnende

Yn blessueretiid wie Hearrenfean noch in pear kear ticht by de winnende goal. Joey Veerman skeat in frije traap in heale meter njonken en yn de 95e minút koe ADO noch krekt in bal ferwurkje ta corner. Dy smiet neat op: ADO hold stân en Hearrenfean ferspilet wer punten.

Hearrenfean stiet no sechsde, mei 18 punten út 10 wedstriden. Takom wike spylje de Friezen thús tsjin PSV. De wedstriid yn it Abe Lenstra stadion begjint snein 6 desimber om 16.45 oere.

ADO Den Haag - SC Hearrenfean 1-1 (1-1) 13. David Lennart Philipp 1-0, 16. Joey Veerman 1-1

Opstelling SC Hearrenfean: Erwin Mulder; Sherel Floranus, Jan Paul van Hecke, Pawel Bochniewicz, Lucas Woudenberg; Ibrahim Dresevic (65/Rami Hajal), Joey Veerman, Rodney Kongolo; Benjamin Nygren (69/Couhaib Driouech), Henk Veerman, Mitchell van Bergen

(Advertinsje)
(Advertinsje)