Provinsjale struiweinen foar it earst wer op 'en paad tsjin glêdens

28 nov 2020 - 21:07

Foar it earst dizze winter binne de struiweinen fan de provinsje op 'en paad fanwege mooglike glêdens yn Fryslân.

Struiwein op It Hearrenfean - Foto: CAMJO media

De provinsje struit benammen previntyf, dus foardat it echt glêd wurdt. Dêrby warskôgje se wol dat in dyk noch altyd glêd wêze kin, ek as der struid is.

Waarman Piet Paulusma foarseit in minimumtemperatuer fan nul graden yn de nacht fan sneon op snein, mei dêrby ek grûnfroast. Yn de nacht fan snein op moandei ferwachtet Paulusma lichte froast, mei -2 of -3 graden.

Trefwurden: 
provinsje glêdens struien
(Advertinsje)
(Advertinsje)