Ljouwerter 'Dans op Recept' wint lanlike ynklúzje-award

28 nov 2020 - 21:00

It Ljouwerter projekt Dans op Recept hat in saneamde Code Culturele Diversiteit & Inclusie Award wûn. Dy priis wurdt útrikt oan kulturele organisaasjes dy't op it mêd fan 'diversiteit' en ynklúzje in bysûndere stap sette of in opfallend resultaat boeke. It giet om in jildbedrach fan 20.000 euro.

Foto: Christian Kamminga

Dans op Recept is opset troch dûnsdosint Marlien Seinstra. By it konsept wurdt dûns ynset om it fysike en mentale wolwêzen fan minsken mei in groanyske oandwaning te ferbetterjen.

Dêrfoar wurdt yn hiel Fryslân dûnsles jûn oan minsken mei Parkinson, net-oanberne harsenletsel en groanyske pine. Doel is om minsken te ferbinen, te soargjen foar ûntspanning en om te sjen nei wat minsken wól kinne.

Gedrachskoade

De Code Diversiteit & Inclusie is in gedrachskoade fan, foar en troch de Nederlânske kulturele en kreative sektor oer 'diversiteit' en ynklúzje en wurdt stipe troch it Ryk.

It doel fan de koade is dat de kulturele en kreative sektor it ferskaat fan de Nederlânske befolking represintearret. Basiseask is dat de sektor lykweardich tagonklik is foar eltsenien en sa fan eltsenien is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)