Bysûnder coronaprotest yn Snits en Ljouwert

28 nov 2020 - 18:54

Yn Snits en Ljouwert wie sneontemiddei in bysûnder coronaprotest te sjen. In groep minsken yn wite pakken mei maskers op die in soad fan dûns troch de stêd. Se neame harsels online it Friesland Actie Team.

coronaprotest

De groep woe gjin taljochting op harren aksje jaan, mar ferwiisde nei de Guerilla Mask Force yn Bern, Switserlân. Dizze groep protestearret tsjin de coronamaatregels. Ek yn Enschede en Amersfoort wie sneon in groep minsken yn wite pakken dwaande mei in protest.

(Advertinsje)
(Advertinsje)