UPDATE: Persoan om it libben kaam nei ûngelok yn maissilo Froubuorren

By in ûngelok yn in maissilo by in boerebedriuw yn Froubuorren is sneon in 78-jierrige man om it libben kaam. Wat der krekt bard is oan de Hamerenweg is net hielendal dúdlik. It slachtoffer soe beknypt rekke wêze yn de silo.
© CAMJO media
De helptsjinsten út ûnder oare Stiens, Ljouwert, Frjentsjer en Grins wiene teplak, mar sy koene it slachtoffer net mear rêde.