In dream dy't útkomt: tsjalk 'De Goede Verwachting' te wetter yn Starum

28 nov 2020 - 18:34

Doe't Romke Blaauw út Starum in skip keapje koe mei in lisplak tocht hy dêr net lang oer nei. It is syn nammentlik syn grutte dream. Wenje en farre op in tsjalk. Mar mei de keap wie it net klear. Der moast in soad oan it skip dien wurde. In nije roef, wanden fan âlde flierren, in fris likje ferve. In folslein nij skip moast der hast komme. Romke, syn suster, syn heit en freonen hawwe der twa jier oan wurke. Mar sneontemoarn wie it sa fier. De tsjalk koe wer it wetter yn.

Tsjalk wetter Starum

"Dit is dochs prachtich moai," seit Romke Blaauw wylst in grutte kraan syn tsjalk fan in frachtwein tilt. Romke kriget in fêst lisplak yn de haven fan Starum. It skip fan 22 meter lûkt in protte taskôgers. "De helte derfan binne freonen hear," seit Romke mei in grutte glim.

"We ha mei ús allegearre twa jier lang wurke oan dit skip. Ik wol der op wenje en ek noch mei te silen. Benammen dat lêste ha we in protte wurk fan hân, want we moasten in soad ombouwe. Dat we mei dizze groep dit no dyn ha, makket my sa grutsk."

Romke ûnderbrekt syn ferhaal efkes om fia de walky-talky de sjauffeur fan de kraan ta te sprekken. "It is unyk dat ien fan myn leeftiid dit dwaan kin. Ik bin sa bliid."

Tsjalk de Goede Verwachting sil te wetter - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Net allinnich Romke stiet mei wetterige eachjes nei it spektakel te sjen. Syn heit Piet is út de skroeven. "Ik ha sels ek op in tsjalk wenne. Dat je soan no yn myn fuotstappen rint is bysûnder. Ik ha in protte meiholpen oan it opknappen fan it skip. In soad oeren, mar dat ha je der foar oer. Romke kriget no in moai plak." Wylst Piet it ferhaal docht, hellet Romke in flesse drank út de bûse. "Mei dizze dope we de boat aanst. Op nei in moaie takomst!"

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de tsjalk

(Advertinsje)
(Advertinsje)