Kuorbal League net earder as yn jannewaris, teams yn twa pûls

28 nov 2020 - 17:59

De Kuorbal League, de heechste sealkompetysje yn Nederlân, begjint op syn betiidst yn jannewaris 2021. Dat hat it KNKV sneon tsjin de klups sein. In folsleine kompetysje mei tolve klups is net helber, neffens it KNKV. Dêrom komme der twa pûls fan seis.

LDODK sit by PKC yn de pûl - Foto: www.orange-pictures.nl

It KNKV hat it beslút naam nei oerlis mei de sportsektor en de oerheid. Op syn betiidst wurde de maatregels op 8 desimber ferromme. Dêrom kin de topkompetysje net yn desimber al begjinne. Hoe't de promoasje en degradaasje regele wurdt, makket it KNKV letter bekend.

Parsekonferinsje ôfwachtsje

LDODK sit yn de pûl by topfavoryt PKC. Fierder sitte ek KZ, Blauw-Wit, Groen Geel en Oost-Arnhem yn de pûl. As de kompetysje yn jannewaris begjinne kin, spylje alle teams yn de pûls twa kear tsjininoar. As de start fierder útsteld wurdt, komt der in heale kompetysje.

It KNKV wachtet de parsekonferinsje fan 8 desimber ôf foar't se beslute oer de oare kompetysjes.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Kuorbal League
(Advertinsje)
(Advertinsje)