King te sterk foar Noppert op twadde dei Players Championship Finals

28 nov 2020 - 17:09

Danny Noppert is sneontemiddei útskeakele yn de twadde ronde fan de Players Championship Finals. Yn in matige wedstriid ferlear de Jouster darter mei 6-1 fan Mervyn King. Freed wie Noppert noch wol te sterk foar âld-wrâldkampioen Steve Beaton.

Foto: Orange Pictures

Benammen de dûbels fan Noppert lieten him op guon mominten yn 'e steek. Allinne de tredde leg fan de wedstriid gie nei de Fries, dy't dêrnei tefolle muoite hie om King by te hâlden. Mei de 6-1 nederlaach sit it lêste telefyzjetoernoai foar it WK der no op foar Danny Noppert.

WK darten

It wrâldkampioenskip fan de PDC set op 15 desimber útein. Noppert is ien fan de pleatste spilers en hoecht dêrom pas fan de twadde ronde ôf yn aksje te kommen. De lotting folget kommende tongersdei.

De Players Championship Finals is it slottoernoai fan alle fliertoernoaien fan de profesjonele darters. De bêste 64 spilers fan it ôfrûne jier spylje it finaletoernoai tsjin elkoar op telefyzje. De Players Championship Finals wurdt dit jier yn Coventry (Ingelân) hâlden en wurdt fanwegen it coronafirus sûnder publyk spile.

(Advertinsje)
(Advertinsje)