FIDEO: Yndrukwekkend earbetoan by útfeart ferstoarne motorrider

28 nov 2020 - 16:38

Hûnderten motorriders ha fan 'e middei op in bysûndere wize ôfskied naam fan de 25-jierige Yannick út Ljouwert. Hy kaam foarige wike om it libben by in motorûngelok by Snits. De stoet gie fan Ljouwert nei Goutum en waard begelaat troch befreone motorriders. Troch de coronamaatregels koene mar in beheind tal minsken by de kremaasje wêze. Op dizze wize koe elkenien dochs ôfskied nimme. By it krematoarium yn Goutum waard ek noch in earehaach foarme.

bysûndere útfeart motorrider

Trefwurden: 
ûngelok Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)