FIDEO: Abe Lenstra, dûnser mei de bal

28 nov 2020 - 16:12

Yn de Fryslân DOK 'Dûnser mei de bal' wurde de earste kleurebylden sjen litten fan Abe Lenstra. Fan de fuotbalwedstriid Hearrenfean-Haarlem yn 1948 is in filmke makke, dat pas koartlyn ûntdutsen waard.

Abe Lenstra, sa wurdt sein, koe by syn berte al fuotbalje. Noch by libben waard hy in myte. Oant syn dea yn 1985 is der in protte oer him praat en skreaun. Yn de Fryslân DOK 'Dûnser mei de bal' ûndersiket dokumintêremakker Piter Tjeerdsma wat der wier is fan dy ferhalen.

Fjouwer doelpunten Abe

De kleurefilm út 1948 is sa'n ûnferwachte fynst. De Dokkumer amateurfilmer Oeds Andries Brouwer hat it doedestiids makke. Hearrenfean-Haarlem waard spile op 6 maaie 1948 en wie in krúsjale wedstriid yn de striid om de lânstitel. Hearrenfean wûn mei 4-3 fan Haarlem. Us Abe skoarde fjouwer kear, mar spitigernôch stiet net ien fan dy doelpunten op de film. Yn de kompetysje einige Hearrenfean krekt as twadde, BVV Den Bosch waard kampioen.

Kleurebylden út de jierren fjirtich fan Nederlânsk fuotbal binne tige seldsum. Syds Wiersma fan it Fries Film Archief wie út de skroeven doe't hy de kleurebylden tsjinkaam. Yn de Fryslân DOK 'Dûnser mei de bal, 100 jier Abe Lenstra' binne noch mear tige bysûndere âlde bylden fan Abe te sjen. Fierders leverje Abe Lenstra syn biograaf Johann Mast, Abe-samler Jan Kuipers in bydrage oan de dokumintêre.

De dokumintêre 'Dûnser mei de bal - 100 jier Abe Lenstra' wurdt op 28 novimber útstjoerd troch NPO2 om 15.30 oere (werhelling snein 29 novimber om 13.10 oere). Op snein 29 novimber om 17.00 oere is de film te sjen by Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

(Advertinsje)
(Advertinsje)