Op 'e fyts ûnderweis nei Den Haag foar it klimaat

Op it Saailân yn Ljouwert binne sneon trettjin fytsers úteinset mei in tocht nei Den Haag om sa jild yn te sammeljen foar in rjochtsaak fan Milieudefensie tsjin enerzjyreus Shell. De saak is ynspirearre troch de Urgenda-saak dy't derfoar soarge dat it Ryk mear dwaan moast tsjin de klimaatferoaringen.
13 fytsers foar it klimaat en tsjin Shell ûnderweis nei Den Haach
Milieudefensie besiket Shell safier te krijen dat sy gjin nije ynvestearringen mear dogge yn fossile brânstoffen. Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening hie in toeter en blaasde de fytsers fuort. De Waadferiening docht ek mei yn de rjochtsaak, omdat it Waad ek te lijen hat fan de klimaatferoarings en Shell dêr middels de NAM ek aktyf is. Ut de stêd Grins wei is ek in groep fytsers op wei gong. Moandei komme se oan yn Den Haag. Tiisdei begjint de rjochtsaak.

"Goed oer de tûzen euro"

Ien fan de Ljouwerter dielnimmers is studinte Ellis Mourits. Sy leit út wêrom't sy meidocht: "Ik stap hier op de fiets omdat het voor mij een hele leuk en mooie manier is om bij te dragen aan zoiets groots en belangrijks van deze tijd."
De fytsers litte harren sponsorje. "We woene eins 500 euro ophelje, mar wy sitte no al dik oer de tûzen euro. Dus dêr kin noch folle mear by", seit organisator Dirk Kuiken fan Trappen naar de Klimaatzaak.