Jesper Hospes 12e nei earste dei op NK sprint

Jesper Hospes fan It Hearrenfean stiet nei de earste dei fan it NK sprint yn Thialf op it tolfde plak yn it klassemint. Hy waard njoggende op de 500 meter en santjinde op de 1.000 meter. Hein Otterspeer giet nei dei 1 oan de lieding.
Jesper Hospes © www.orange-pictures.nl
Op de 500 meter ried Hospes yn de lêste rit tsjin de Nederlânsk kampioen sprint fan 2018, Dai Dai N'tab. De iepening fan Hospes wie mei 9,70 rap, mar yn de ronde moast de Fries tajaan op syn konkurrinten. Hy kaam úteinlik ta 35,32 en einige dêrmei op it achtste plak. N'tab ried mei 34,79 nei it earste plak. Ronald Mulder waard yn syn rit hindere troch titelferdigener Kjeld Nuis. Hy mocht nei ôfrin opnij ride en ried doe nei 34,85. Nuis is diskwalifisearre.

Utslach earste 500 meter

1. Dai Dai N'tab 34,79
2. Hein Otterspeer 34,82
3. Ronald Mulder 34,86
9. Jesper Hospes 35,32
Op de 1.000 meter, gewoanwei de ôfstân dy't Hospes minder leit, kaam de Fries yn de twadde rit ta 1.11,44. Op dat stuit noch de twadde tiid, mar hast alle riders nei him wiene rapper. De rapste tiid wie foar Hein Otterspeer, mei 1.07,99. Hy ried tsijn Lennart Velema, dy't diskwalifisearre waard.
De oare favoriten kamen allegear nei Otterspeer, mar kamen net oan syn tiid. Thomas Krol kaam it tichtstby, mar hie 0,20 langer nedich. It tredde plak wie foar Kjeld Nuis, dy't nei syn diskwalifikaasje op de 500 meter net mear meidocht om de prizen yn it algemien klassemint.

Utslach earste 1.000 meter

1. Hein Otterspeer 1.07,99
2. Thomas Krol 1.08,19
3. Kjeld Nuis 1.08,61
18. Jesper Hospes 1.11,44
Op sneintemiddei ride de manlju wer in 500 en 1.000 meter. De persoan dy't de fjouwer ritten by-inoar opteld yn de fluchste tiid rydt, is de nije Nederlânsk kampioen sprint.

Klassemint nei de earste dei

Puntetotaal Ferskil op 500 meter snein
1. Hein Otterspeer 68.815
2. Thomas Krol 69.365 + 0,55
3. Dai Dai N'tab 69.430 + 0,62
9. Jesper Hospes 71.040 + 2,23