Cambuur Sjoernaal: Fan efterstân nei winst en de kopposysje yn de earste difyzje

28 nov 2020 - 14:57

SC Cambuur spile freedtejûn de thúswedstriid tsjin it leech klassearre FC Den Bosch. It waard bepaald net in maklike wedstriid. Den Bosch hie it alvetal goed stean en Cambuur kaam sels op efterstân. Uteinliks soe it goed ôfrinne foar de Ljouwerters en doe't alle útslaggen bekend wienen, fûn Cambuur himsels wer werom op it earste plak fan de earste difyzje.

Sjoch hjirûnder nei in nije útstjoering fan it Cambuur Sjoernaal:

(Advertinsje)
(Advertinsje)