Femke Kok liedt nei earste dei NK sprint, Schulting ferrast mei tredde plak

Femke Kok fan Nij Beets stiet nei de earste dei op it NK sprint yn Thialf op It Hearrenfean op it earste plak. De Friezinne wûn earder op sneon de 500 meter yn in kampioenskipsrekôr (37,51) en ek de 1.000 meter wie yn in persoanlik rekôr fan 1.14,21 proai foar Kok. Jutta Leerdam folget op it twadde plak. It tredde plak yn it klassemint is foar shorttrackster Suzanne Schulting.
De reaksjes fan Femke Kok, Suzanne Schulting en Letitia de Jong:
Kok ried op de 500 meter al yn de achtste rit tsjin Sanneke de Neeling. Mei 37,51 sette se yn dy rit fierwei de rapste tiid del oant dat stuit del.
Yn de rit dêrnei kaam titelfavorite Jutta Leerdam mei 37,53 lykwols wol hiel tichteby. Michelle de Jong kaam yn dyselde rit ta in nij persoanlik rekôr fan 38,04. Dat wie úteinlik genôch foar it tredde plak, want yn de lêste rit kamen titelferdigener Letitia de Jong fan Feanwâlden (39,75), dy't krekt weromkomt fan in blessuere, en Janine Smit fan It Hearrenfean (38,89), lang net oan dy tiid.

Persoanlike rekôrs foar Fledderus en Schulting

Marijke Groenewoud fan Hallum (39,12), Ireen Wüst fan It Hearrenfean (39,10) en Helga Drost fan Akkrum (38,68) kamen ek net yn de buert fan it poadium. Marrit Fledderus fan Sint Nyk wol. De nûmer trije op de 500 meter op it NK ôfstannen ried mei in persoanlik rekôr fan 38,27 nei it fjirde plak. It fiifde plak wie foar olympysk kampioene shorttrack Suzanne Schulting. Ek sy ried mei 38,57 in persoanlik rekôr.
Femke Kok © www.orange-pictures.nl

Utslach fan earste 500 meter

1. Femke Kok 37,51
2. Jutta Leerdam 37,53
3. Michelle de Jong 38,04 (PR)
4. Marrit Fledderus 38,27 (PR)
5. Suzanne Schulting 38,57 (PR)
9. Helga Drost 38,68
11. Janine Smit 38,89
12. Ireen Wüst 39,10
13. Marijke Groenewoud 39,12
19. Letitia de Jong 39,75
Ek op de 1.000 meter stiet der gjin streekrjocht duel tusken beide favorites op it programma. Kok starte al yn de sande rit tsjin Fledderus. Dêryn ried se in dik persoanlik rekôr fan 1.14,23, wêrmei't se foarôfgeand oan de lêste rit noch hieltyd oan de lieding gie.
Yn dy rit ried har grutte konkurrinte Leerdam tsjin Wüst. Leerdam moast 0,04 sekonden goedmeitsje op Kok om nei de earste dei oan de lieding te gean. Dat slagge lykwols net. Leerdam joech mei 1.14,34 sels ferrassend tiid ta op Kok.

Schulting ferrast

Schulting wie op de 1.000 meter de grutste ferrassing fan de dei. De shorttrackster ried nei 1.14,89 en is dêrmei noch mar de fjirtjinde frou ea dy't yn Thialf ûnder de 1.14,90 ried. It resultearre úteinlik yn it tredde plak op de 1.000 meter.
Letitia de Jong stelde op de 1.000 meter opnij teloar. Se einige yn in tiid fan 1.18,46 as 17e.

Utslach fan earste 1.000 meter

1. Femke Kok 1.14,23
2. Jutta Leerdam 1.14,34
3. Suzanne Schulting 1.14,89
4. Ireen Wüst 1.15,88
6. Marrit Fledderus 1.16,01
8. Michelle de Jong 1.16,53
10. Helga Drost 1.17,17
12. Janine Smit 1.17,33
16. Marijke Groenewoud 1.17,68
17. Letitia de Jong 1.18,46
Kok giet nei de earste dei oan de lieding mei in foarsprong fan 0,08 sekonden op Leerdam. Schulting stiet ferrassend op it tredde plak, mar folget wol op grutte ôfstân fan de twa topfavorites. Ek Fledderus en Michelle de Jong hawwe nei de earste dei noch sicht op it poadium. Sy hawwe in gat fan respektyflik 0,27 en 0,29 goed te meitsjen op Schulting.
Op snein ride de froulju opnij in 500 en 1.000 meter. Nei de 1.000 meter sil dúdlik wêze wa't de opfolger wurdt fan de sprintkampioen fan ferline jier, Letitia de Jong.

Klassemint nei de earste dei

Puntetotaal Ferskil op 500 meter snein
1. Femke Kok 74.625
2. Jutta Leerdam 74.700 + 0,08
3. Suzanne Schulting 76.015 + 1,39
4. Marrit Fledderus 76.280 + 1,66
5. Michelle de Jong 76.305 + 1,68
7. Ireen Wüst 77.040 + 2,42
9. Helga Drost 77.265 + 2,64
12. Janine Smit 77.555 + 2,93
13. Marijke Groenewoud 77.960 + 3,34
18. Letitia de Jong 78.980 + 4,36