RIVM: 102 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Der binne de ôfrûne 24 oeren 102 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der alve mear as freed, doe wiene it der 91. It trochsneed tal besmettingen oer de lêste sân dagen is 96.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Súdwest-Fryslân (33). Dêrnei komt Ljouwert (18). Yn alle oare gemeenten binne it acht of minder besmettingen.
Yn Fryslân binne sûnt freed gjin nije stjergefallen meld. It totale tal stjergefallen sûnt it begjin fan de corona-útbraak leit op 130.
It RIVM meldt sneon twa nije sikehûsopnamen yn Fryslân, ynwenners fan Ljouwert en Smellingerlân.

Lanlik mear as tûzen minder

Lanlik binne der 4.499 nije besmettingen fêststeld. Dat binne der 1.282 minder as freed.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.