Brân op fearboat yn haven Flylân, elkenien feilich fan board

Oan board fan de fearboat Midsland is sneontemoarn brân ûntstien yn de masinekeamer. It skip lei yn de haven fan Flylân. Passazjiers en bemanning binne feilich fan board gien, meldt Rederij Doeksen op Twitter.
© Screenshot Webcamvlieland.nl
De brân is yntusken útmakke en de reek wurdt no út it skip sûge. De brân ûntstie yn in kachel yn de masinekeamer fan de boat. Undersyk moat útwize wat no krekt de oarsaak is.
Snelstjinst de MS Tiger is fan Harns nei Flylân fearn om de de passazjiers nei Harns te bringen. Rederij Doeksen hat de tsjinstregeling fan de fearboaten nei en fan de eilannen oanpast.