Rêst komt werom by hynstestamboek KFPS: leden unanym foar nije keuringskommisje

28 nov 2020 - 13:06

De rêst liket foarearst werom by it keninklik Frysk hynstestamboek KFPS. By in gearkomste fan de feriening is freedtejûn besletten dat sjuerylid by de keuringen Harrie Draaijer fuort moat. Hy soe grutte flaters makke hawwe by keuringen ferline jier. De leden woene dat it bestjoer ôfskied naam fan him en dat is by de gearkomste bard.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

In dreech beslút, want der binne ek in soad goede dingen bard en Draaijer hie in soad ûnderfining, seit tydlik bestjoerslid Roelof Bos. "De diskusje begripe we allegear en ek wêr't it weikomt. Dat it diskutabele besluten west ha, erkent elkenien ek wol. Allinnich, je hâlde je ek fêst oan wat der natuerlik fierder gebeurd is yn dy acht jier. It is dochs in klus dy't net samar wat is. Dêr binne je in hiel soad erfaring foar nedich."

Mei unanime stipe fan de leden is der no in nije hynstekeuringskommisje oansteld, dy't begjin desimber begjinne sil. De kommisje bestiet foarearst út twa sjueryleden, Piet Bergsma en Corry Terpstra, mar dêr moat noch in tredde by. Ek wurde der fakatueres útskrean foar nije bestjoersleden. De ôfrûne moannen stapten trije bestjoersleden op, ûnder wa foarsitter Wiebe Wieling.

Unôfhinklik ûndersyk

Boppedat komt der in ûnôfhinkIik ûndersyk nei de flaters dy't makke binne. Bos: "It is wol goed yn dizze situaasje om in ûnôfhinklik ien hjir nei sjen te litten. Wat hat hjir no spile en wat foar learing kinne we hjir no út helje? As feriening moatte je goed fierder en wolle je ditsoarte dingen ek foarkomme."

Tydlik bestjoerslid Roelof Bos fan it Frysk hynstestamboek

(Advertinsje)
(Advertinsje)