Sjauffeur bedarret mei frachtwein yn boskjes neist sneldyk by Eastersee

28 nov 2020 - 10:43

In frachtweinsjauffeur hat freed in soad gelok hân by in iensidich ûngelok op de A6 by de ôfrit nei Eastersee. Hy rekke mei syn frachtwein fan de dyk en bedarre yn de boskjes en beammen neist de sneldyk.

Troch de klap gie der in beam stikken en dy stuts dwers troch it foarrút fan de frachtwein hinne. Neffens de plysje De Fryske Marren hie de sjauffeur lichte ferwûningen oprûn en is er foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.

De frachtwein is troch in berger fuorthelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)