Steatelid Pool bliid mei ûndersyk spoarferbiningen, mar "earst Lelylijn oanlizze"

28 nov 2020 - 10:01

De Lelylijn moat earst oanlein wurde en dêrnei kin der sjoen wurde nei it ferbetterjen fan de besteande spoarferbining fia Zwolle tusken it Noarden en de Rânestêd. Dat fynt steatelid Durk Pool fan de VVD. It ryk en de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte ha ôfpraat dat der in 'verdiepend vervolgonderzoek' komt nei de bêste manier om de treinferbining 'flugger' en 'robúster' te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân

Yn it ferfolchûndersyk wurde twa opsjes ûndersocht: it ferbetterjen fan de besteande spoarferbining fia Zwolle én it oanlizzen fan de Lelylijn fan Lelystad oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins. VVD-steatelid Pool set him al jierren yn foar de komst fan de Lelylijn en is bliid dat der in ferfolchûndersyk komt.

Pool wol lykwols dat minister Cora van Nieuwenhuizen, syn partijgenoat, foarrang jout oan de oanlis fan de nije spoarferbining. "As we no al begjinne mei it ferbetterjen fan it besteande spoar, dan ha we dêr jierren lest fan, om fan it Noarden nei it Westen te kommen en oarsom. Neffens my is it in handigere set om earst de Lelylijn oan te lizzen en dan pas mei de optimalisaasje te begjinnen. Helje dy Lelylijn nei foaren, dan ha je in alternatyf om hin en wer."

Oanlis kostet miljarden

Eksperts rûze de kosten fan de oanlis op in bedrach fan tusken de 4 en 6 miljard euro. Minister Van Nieuwenhuizen skriuwt dat it ryk en de provinsjes dat jild no net ha, mar dat hoecht neffens Pool gjin obstakel te wêzen. "Neffens my is der yn Europa in hiel protte jild en it jild is op it heden om 'e nocht. It iennige dat je dan dwaan moatte, is it werombetelje, want de rinte is hast nul. Dus, wat makket dat djoer? En as it plan goed is, is der altyd jild."

Steatelid Durk Pool fan de VVD oer de Lelylijn

(Advertinsje)
(Advertinsje)