Krimp yn Noardeast-Fryslân? Doarpen ha ferlet fan wenromte foar jongerein

28 nov 2020 - 08:52

It noardeasten fan Fryslân stiet offisjeel noch as krimpregio yn 'e boeken. Mar as je op dit stuit nei de measte doarpen sjogge, dan is der fan krimp eins neat te fernimmen. Sterker noch; der is yn guon doarpen just grut ferlet fan wenromte foar jongerein. Der stiet hast neat te keap, en wat te keap stiet is samar fuort.

Krimp yn Noardeast-Fryslân

Yn Holwert, dat earder altyd as krimpdoarp sjoen waard, soene der eins nije huzen by moatte. Der stiet op dit stuit mar kwealik wat te keap, wylst der neffens foarsitter Arnoud Haitsma fan doarpsbelang in grutte groep jongerein is dy't wol yn it doarp in hûs keapje of hiere wol.

"Jeugd perspektyf biede"

"De jeugd wol hingjen bliuwe, mar der is gjin plak", seit Haitsma. "Der sil wat gebeure moatte yn it doarp, want wy wolle dy groep wol graach behâlde foar it doarp. Der binne plannen foar nijbou; wy hawwe ek by de gemeente oanjûn dat der nije kavels komme moatte. Je moatte de jeugd dy't wat wol, perspektyf biede kinne dat der op koarte termyn ek romte komt."

Foarsitter Arnoud Haitsma fan doarpsbelang Holwert

Dat der sa min huzen beskikber binne yn Holwert, hat neffens Haitsma ek te krijen mei it projekt Holwert oan See en de belangstelling dêrfoar. Mar net allinne yn Holwert is ferlet fan wenromte foar jongerein. Ek yn oare doarpen yn Noardeast-Fryslân is de need heech.

"Nijbou yn doarpen"

Riedslid Aant Jelle Soepboer fan de FNP is bekend mei it probleem. Hy wol dat der sa gau as mooglik in oplossing foar komt. "Alle doarpkes yn de regio binne út de jas groeid. It tal wenningen dat te keap stiet, is bot krompen. It is essinsjeel dat ús jongerein bliuwe kinne yn de regio. Wy tinke dat it wichtich is om te sjen nei de fraach. Wat wol no hokker doarp bybouwe? En dat wy dan oergeane op nijbou nei aard, skaal en karakter fan it doarp."

Riedslid Aant Jelle Soepboer fan de FNP

(Advertinsje)
(Advertinsje)