Kollum: "NET normaal"

"It jier 2020 kreaket en pipet nei syn ein. We kinne live tsjûge wêze fan ien fan de grutste skandalen yn de lêste desennia, nammentlik de taslagge-affêre. Mar aldergelokst foar de hearen en dames dy't foar de ûndersykkommisje komme moasten en it allegearre fansels spitigernôch net mear sa goed op de radar stean hienen, wie der foar harren de rêdingsboei dy't Forum voor Democratie yn it wetter smiet.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Guon neame it in drama, mar it is fansels in klucht. En alle oandacht waard dêrmei weilutsen fan echt wichtige saken, nammentlik de misstannen by de belestingtsjinst en de lju dy't dêr ferantwurdlik foar binne. Dus soarget Forum der mei harren strapatsen foar dat op it momint dat der dan einliks ris wat serieus nei dy demokrasy sjoen wurdt, sy as in steltsje dronken Vindicat-ballo's oer de dyk rôlje. Boppe-op al dizze ellinde hat Henk Krol ek noch wer in partij oprjochte. Ik bin de tel kwyt, mar it is hast 50+.
Sa bongelje we nei it jier 2021. Ik wit net hoe't jim it ûnderfine, mar neffens my duorret 2020 foar it gefoel wol tsien jier. Mar der is ljocht oan de ein fan de tunnel, yn 2021 wurdt alles better. Amearika docht wer sa as it earder die, hoe't dat dan krekt is, wit net ien mear. En we kinne allegearre hooplik in prikje krije, wêrtroch't we aanst net mear mei in ding foar de snút rinne.
Ik wie even yn in supermerk om in foto fan in steapeltsje boeken te meitsjen, mar it like wol in oarlochsgebiet. Allegearre ûnwerkenber folk mei wiid iepensteande eagen fol mei benaudens oft se harren wol oan de regels hâlde en gjin snear fan ien as oar krije. It wie in benearjende sfear, ik bin der wer út rûn sûnder wat te keapjen en tankje hjirby myn frou dat sy de boadskippen dwaan wol.
It begruttet my freeslik om dy bern dy't achter de kassa sitte, wat krije dy in nuver wrâldbyld op dizze wize. Mochten der jongelju dizze kollum lêze of der nei harkje: Sa as it no giet, is NET normaal. We moatte alles der oan dwaan om elkoar ynkoarten wer gewoan oan te sprekken, de nuânses op de gesichten lêze te kinnen en om, en dat is miskien wol it wichtichste, de humor werom te finen yn it gewoane, deistige libben. Want dy is, mei wa't je der ek oer prate, fier fuort.
We kinne noch safolle moaie foto's fan sinsûndergongen, lânskippen en poddestuollen op it www plempe, ik doch it ek, mar dy foto's fan in fol Abe Lenstra Stadion, it mei freonen út iten gean, samar even op in terras delploffe foar in bakje kofje, by de iiskoboer lâns de dyk twa boltsjes yn in bakje keapje en dêrby de gesichten dy't laitsje, in dampjend rockkonsert yn Iduna, dy foto's, dêr sitte wy op te wachtsjen.
En ek op it mei weromwurkjende krêft bestraffen fan ferantwurdliken yn de taslagge-affêre. Dit lêste punt bin ik net optimistysk oer. De rest wol. Noch in tip: Sis ris wat aardichs tsjin dy kassameiwurkers, se fertsjinje it."