Danny Noppert nei twadde ronde op Players Championship Finals

27 nov 2020 - 23:28

Darter Danny Noppert hat freedtejûn ienfâldich de twadde ronde fan de Players Championship Finals berikt. De 29-jierrige Jouster wûn yn de earste wedstriid op it telefyzjetoernoai mei 6-1 fan âld-wrâldkampioen Steve Beaton.

Foto: Orange Pictures

Noppert kaam al gau op in 2-0 foarsprong tsjin de 56-jierrige Beaton. Ek de tredde en de fjirde leg giene frij maklik nei de Fries. Syn tsjinstanner út Ingelân makke lykwols wol yn trettjin darts de 4-1. Noppert pakte dêrnei twa legs op rige en de winst, mei in gemiddelde fan boppe de 100. Yn de twadde ronde treft hy sneon Mervyn King.

Heale finale

Twa jier lyn helle Danny Noppert noch de heale finales fan de Players Championship Finals. Doe ferlear hy úteinlik fan Daryl Gurney.

De Players Championship Finals is it slottoernoai fan alle fliertoernoaien fan de profesjonele darters. De bêste 64 spilers fan it ôfrûne jier spylje it finaletoernoai tsjin elkoar op telefyzje. De Players Championship Finals wurdt dit jier yn Coventry (Ingelân) hâlden en wurdt fanwegen it coronafirus sûnder publyk spile.

(Advertinsje)
(Advertinsje)