Gjin panyk by Cambuur nei efterstân: "Fernaamst dat wy de wedstriid winne soene"

27 nov 2020 - 22:14

Hoewol't Cambuur it freedtejûn sa no en dan lestich hie tsjin Den Bosch, waard wol mei 3-1 wûn. De besikers kamen op foarsprong en makken hast de 0-2, mar trainer Henk de Jong hold der alle fertrouwen yn dat syn ploech winne soe.

Henk de Jong

Hoewol't de Ljouwerters wol aardich út de startblokken kamen, wiene it de besikers dy't as earste ta skoaren kamen. "We ha twa kear wûn fan de koprinner, dan witte je dat it efkes oars is. En ik moat Den Bosch in komplimint jaan, yn de omskeakeling wiene sy hartstikke goed", seit trainer Henk de Jong.

Dêr't De Jong foar de wedstriid noch syn spilers op it hert drukte de tsjinstanner net te ûnderskatten, like dat yn it begjin tsjin Den Bosch wol it gefal. "Dat komt moai út, dat dat útkomt", laket De Jong. "Sa no en dan mei ik ek ris lekker foeterje, dat is hearlik."

Gjin panyk

De Jong rekke dochs net yn panyk, ek doe't Den Bosch in enoarme kâns op de 0-2 krige. "Dan hiene wy ek wol rêstich bleaun, fernaamst dat wy de wedstriid winne soene." In goeie lear, sa seit De Jong. "It komt net oanwaaien, alles moat kloppe."

Al mei al hie Cambuur de oerhân en kaam it ta in protte kânsen. "We hiene wol mear goals meitsje kinnen, mar it hie ek 5-3 wurde kinnen."

Issa Kallon

Issa Kallon hie ek nea soargen oer it resultaat fan de wedstriid. "Het was niet heel makkelijk, maar we hadden er vertrouwen in dat we zouden gaan winnen." Hy jout dêrby de kompliminten oan keeper Sonny Stevens: "Sonny stond fantastisch te keepen, die hield ons op de been."

Kallon kaam nei in goed oere yn it fjild. "Het ging goed, het is altijd lekker om mijn team te helpen met een assist. Het was niet heel makkelijk, maar we hadden er vertrouwen in dat we zouden gaan winnen."

Gûchelje

De wize wêrop't Kallon syn assist joech, kin er sels ek net beskriuwe. "Het was heel erg druk voor me, en ik dacht als ik schiet blokt hij hem . Dus ik was wat aan het goochelen, ik weet niet wat ik precies deed ", laket Kallon. "Maar hij kwam perfect voor de voeten van Robert Mühren."

Troch de winst stiet Cambuur foarearst wer boppe-oan yn de earste difyzje. Fertsjinne, fynt Kallon. "Dat hebben we verdiend gezien hoe we afgelopen weken hebben gepresteerd. Heerlijk, dit is genieten. "

(Advertinsje)
(Advertinsje)