Wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Dútslân fan de kalinder

27 nov 2020 - 22:00

De wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Dútslân, dy't foar febrewaris op de kalinder stienen, gean net troch. It Dútske bûn hat de wedstriden fanwegen it coronafirus skrast. De wedstriden soene fan 19 oant 21 febrewaris plakhawwe yn Bietigheim-Bissingen en 26 oant 28 febrewaris yn Dresden.

Foto: www.orange-pictures.nl

It beslút fan it Dútske bûn betsjut dat der foar dit jier gjin wrâldbekers mear op it programma steane. Earder waarden ek al de wedstriden yn Montreal, Laval, Seoul en Peking skrast.

It EK yn it Poalske Gdansk fan 22 oant 24 jannewaris giet foarearst noch wol troch. Ek it WK, dat yn Nederlân plakhawwe sil, stiet noch op de kalinder. Dêrnjonken organisearret de KNSB op it Hearrenfean noch de International Invitation Cup en it NK ôfstannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)