Fertochte oanhâlden foar fernielen fan stânbyld yn Ljouwerter Rengerspark

27 nov 2020 - 21:25

De plysje hat in 39-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar it fernielen fan in stânbyld. It byld yn it Rengerspark yn Ljouwert waard ferline wike fernield. De fertochte hat bekend dat hy it byld stellen hat en dernei yn stikken flekst hat.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

De fertochte waard op 23 novimber oanhâlden. Hy sit fêst en moat begjin desimber foar de rjochter ferskine.

By de yngong fan it park oan de Rengerslaan stiene twa bylden fan in wetterhûn en in stabij. Op de sokkel fan de stabij binne no inkeld noch twa poatsjes te sjen. De bylden waarden yn 1988 troch de Nederlandse Vereniging skonken oan de gemeente Ljouwert as earbetoan oan de Fryske hûnerassen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)