Spitse ferliest mei Oranje-froulju oefenwedstriid fan Feriene Steaten

De Nederlânske fuotbal-froulju binne der freedtejûn net yn slagge foar in ferrassing te soargjen tsjin de Feriene Steaten. Oranje gie yn in oefenwedstriid yn Breda mei 2-0 ûnderút tsjin de nûmer 1 fan de wrâld. Dat wie deselde útslach as ferline jier yn july yn Lyon by de finale fan it wrâldkampioenskip. Sherida Spitse fan Snits stie yn de basis en makke de njoggentich minuten fol. Sisca Folkertsma fan Sleat bleau de hiele wedstriid op de bank.
© www.orange-pictures.nl
De nederlaach wie fertsjinne. Nederlân notearre yn de 87e minút fia spits Jill Roord de earste en iennige doelkâns. De einstân wie doe al berikt. Rose Lavelle iepene koart foar it skoft de skoare, doe't se fan ôf rjochts nei binnen draaide en de bal yn de fiere hoek neist keepster Sari van Veenendaal krôle. De twadde treffer kaam yn de 70e minút op namme fan Kristie Mewis.
By Oranje ûntbruts Sarina Wiegman op de bank. De bûnscoach ferliet freedtemiddei it trainingskamp fanwegen famylje-omstannichheden. Assistent-trainer Arjan Veurink naam de taken fan Wiegman oer en waard bystien troch Arvid Smit, dy't gewoanwei de wedstriden fan de tribune ôf besjocht.