Cambuur wint nei efterstân ek fan leechfleaner FC Den Bosch

27 nov 2020 - 20:38

SC Cambuur hat freedtejûn it kompetysjeduel tsjin FC Den Bosch wûn. Yn it Cambuur Stadion waard it 3-1 foar de Ljouwerters. Troch de oerwinning hat de ploech fan Henk de Jong de lieding yn de Keuken Kampioen Divisie foarearst wer werom.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Ljouwerters hienen yn de begjinfaze it meast de bal, mar it wie Den Bosch dat de grutste kânsen krige. Dat resultearre yn de 20e minút dan ek yn in foarsprong foar de besikers. Kevin Felida koe nei in foarset fan Ryan Trotsman fan tichteby binnensjitte. Tsien minuten letter ûntsnapte Cambuur sels oan in noch gruttere efterstân, mar Stevens koe in skot fan Felida keare.

Fiif minuten foar it skoft kaam Cambuur op likense hichte troch in doelpunt fan Giovanni Korte. De rappe oanfaller koe nei in knappe dribbel mei in 'bôgebaltsje' skoare.

Mühren docht it wer

Ek yn de twadde helte hie Cambuur it bettere fan it spul, mar it duorre lang foardat dat ek yn de skoare ta utering kaam. Yn de 65e minút wie it úteinlik kluptopskoarer Robert Mühren dy't nei klearlizzen fan Issa Kallon de Ljouwerters op in 2-1 foarsprong sette.

Kallon soarge der yn de 76e minút foar dat de Cambuur-oerwinning definityf binnen wie. De flugge fleugelspiler kaam allinnich op doelman Wouter van der Steen ôf en makke dat mei in skot yn de hoeke kreas ôf. Dêrmei bepaalde hy ek direkt de einstân: 3-1.

Earste plak

Troch de oerwinning stiet Cambuur wer op it earste plak yn de earste difyzje. De Ljouwerters hawwe 31 punten út trettjin wedstriden. Ien punt mear as Almere City út trettjin wedstriden hat. De ploech út Almere kin Cambuur letter op freedtejûn noch wol foarby op de ranglist. Dan moatte se wol winne fan de nûmer seis, FC Volendam.

SC Cambuur - FC Den Bosch 3-1 (1-1) 20' 0-1 Kevin Felida, 40' 1-1 Giovanni Korte, 65' 2-1 Robert Mühren, 76' 3-1 Issa Kallon.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch (82' Kramer), Schouten, Sambissa; Jacobs (54' Maulun), Hoedemakers, Paulissen; Antonia (54' Kallon), Mühren, Korte (82' Oratmangoen).

(Advertinsje)
(Advertinsje)