Habtamu de Hoop yn It Polytburo: "Ik wol foaral jongerein oansprekke"

27 nov 2020 - 20:31

Kandidaat-Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan de PvdA wol foaral besykje jongerein oan te sprekken. Dat sei De Hoop yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân. Jongeren hawwe yn dizze tiid minder kânsen as de generaasjes hjirfoar en dat wurdt troch it coronafirus allinne mar fersterke, sa seit De Hoop.

De ynwenner fan Easterein stiet op it tsiende plak fan de konsept-kandidatelist fan de PvdA. Dêrmei is er de heechste Fries. De Hoop wol Fryslân en syn ynwenners ek tsjinje. Njonken de komst fan de Lelyline, de spoarferbining tusken de Rânestêd en Grins fia Drachten, de beskerming fan it Waadgebiet en it stimulearjen fan de wurkgelegenheid wol Habtamu de Hoop him yn Den Haag ek ynsette foar wenten foar jongeren by it doarp dêr't se wei komme. De ambysje fan de PvdA is om yn de kommende 10 jier ien miljoen huzen te bouwen. In grut part moat nei Fryslân ta, seit De Hoop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)