Hûs en skuorre yn Menaam jier ticht om himpkwekerij

27 nov 2020 - 19:47

Boargemaster Marga Waanders fan gemeente Waadhoeke hat freed in hûs en skuorre yn Menaam foar in jier slute litten. De plysje fûn dêr earder dit jier guod foar it telen fan himp.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De plysje fûn guod wêrmei't in grutskalige himpkwekerij opset wurde koe, lykas hûnderten blompotten, mear as hûndert lampen en in tal drûchrekken.

De boargemaster liet it hûs en de skuorre earder al tydlik slute, mar de eigners wiene it dêr net mei iens en stapten nei de rjochter. Dy hat boargemaster Waanders yn it gelyk steld. Dêrom bliuwe it hûs en de skuorre in jier ticht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)