Smellingerlân warskôget foar kontroleurs oan de doar

De gemeente Smellingerlân warskôget ynwenners foar minsken dy't har oan de doar melde en sizze dat se fan it bedriuw Verisure Smart Alarms binne. Dat bedriuw leveret alarmsystemen oan partikulieren en bedriuwen. Se sizze dat se yn gearwurking mei de plysje in kontrôle dogge.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De minsken sizze dat der in soad ynbraken yn de buert binne en dat se kontrôles dogge, yn oerlis mei de gemeente en de plysje. Neffens de gemeente Smellingerlân hat de plysje gjin opdracht jûn foar sokke kontrôles en hat it bedriuw ek gjin fergunning om dit te dwaan.
Smellingerlân ropt minsken op om de plysje te beljen as de ferkeapers fan Verisure har oan de doar melde. De gemeente besiket kontakt te krijen mei it bedriuw, mar dat is noch net slagge.