Weardebonnen foar de hoareka yn Ljouwerter Kleine Kerkstraat yn Ljouwert: "Steuntje in de rug"

27 nov 2020 - 18:26

De ûndernimmers fan de Kleine Kerkstraat yn Ljouwert hawwe wat betocht om har hoareka-kollega's yn de strjitte troch de coronakrisis te helpen. Troch weardebonnen fan 2,50 euro foar de hoareka oan harren klanten te jaan, dy't de hoareka letter wer by harren yn rekkening bringe kinne, hoopje de ûndernimmers minsken te stimulearjen om aansten wer nei de hoareka ta te gean.

De Kleine Kerkstraat yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De aksje is noch mar koartlyn betocht, sa seit Anton Klopwijk fan de Zuivelhoeve út de strjitte. "De meeste winkels uit ons straatje mee. We geven een waardebon uit van 2,50 euro. Die kunnen de mensen inleveren bij de vier horecabedrijven in ons straatje." Letter kinne de hoarekabedriuwen dy 2,50 euro weromhelje op de ûndernimmers, dy't it op it stuit noch wol aardich drok hawwe.

"Daarmee hopen we ze een klein beetje een steuntje in de rug te geven, en we hopen dat de mensen niet alleen die 2,50 besteden, maar ook nog eens een bak koffie extra nemen", sa seit Klopwijk.

Fan libbensbelang

"De horeca is in de hele stad van levensbelang. Wij hebben ze keihard nodig. Zodra de horeca of de musea of een bioscoop wegvalt, dan valt er zoveel reuring uit zo'n stad weg, dan zouden we het heel slecht krijgen", giet Klopwijk fierder. "Het is belangrijk dat de horeca blijft staan, want het zou zo'n dertig tot veertig procent van ónze inzet schelen. Ze zijn van levensbelang."

De reaksjes op de aksje fan de hoareka binne tige posityf. "Het is natuurlijk leuk om met elkaar op te trekken, en als eentje het slecht heeft elkaar te gaan helpen. Dat doet iedereen goed denk ik. Het is ook een morele steun, hopen we."

'Der kinne noch wol wat minsken by'

Dat it té drok wurdt yn de Kleine Kerkstraat, sjocht Klopwijk net gau barren. Hy leit de klam op dat de coronaregels folge wurde moatte, mar neffens him kinne der noch bêst in pear minsken by yn de Kleine Kerkstraat. "We moeten wel gezond en op afstand van elkaar blijven, maar er mogen best nog een paar mensen komen om een bonnetje op te halen!"

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar wie yn de Kleine Kerkstraat

(Advertinsje)
(Advertinsje)