Fraachtekens by SC Hearrenfean foar duel mei leechfleaner ADO Den Haag

27 nov 2020 - 17:53

Johnny Jansen koe freedtemiddei neat sizze mei hokker alve spilers hy in dei letter tsjin ADO Den Haag spylje sil. Der binne noch tefolle fraachtekens, al wol Jansen net sizze om hokker spilers it krekt giet. Ien fan dy spilers is Oliver Batista Meier. De Dútske middenfjilder ûntbruts tsjin RKC Waalwijk fanwege corona-perikels. Johnny Jansen: "Oliver en nog één of twee jongens worden morgen (zaterdag, red.) getest om te zien of ze fit genoeg zijn om aan te sluiten."

Trainer Johnny Jansen oer it duel tsjin ADO Den Haag:

Johnny Jansen ADOHEE

SC Hearrenfean hie tsjin RKC mar sa'n 30 persint balbesit, dochs kreëarre de ploech in soad grutte kânsen. Dat is it grutte dilemma wêr't Johnny Jansen foar stiet. "Ik vraag mezelf wel eens af: 'Wat wil ik nou eigenlijk?' Ik wil graag beter worden in balbezit, maar op deze wijze creëeren we wel heel veel kansen. En dat is ook een kwaliteit van het elftal en dat moeten we blijven behouden."

Mitchell van Bergen

Nei ôfrin fan de wedstriid tsjin RKC (1-1) gie it nei ôfrin oer it missen fan de kânsen. Benammen oanfaller Mitchell van Bergen liet ferskate mooglikheden ûnbenut. De krityk op de bûtenspiler is dat hy te min rendemint hellet út syn aksjes. Jansen is it dêrmei iens.

"Mitchell is deze afgelopen maandag nog bij me gekomen en vertelde dat hij er enorm van baalt dat hij die kansen heeft gemist. Dinsdag waren we vrij en woensdag zei hij: "Ik ben er weer trainer!"

Jansen: "Er zijn spelers die van nature voor de goal altijd het overzicht houden en rustig blijven en weten waar de keeper staat. Mitchell heeft daar misschien wat meer tijd voor nodig om dat tot zijn kwaliteit te maken. Maar als hij dat eenmaal heeft, dan is hij ook top. Want Mitchell is iemand die drie, vier keer per wedstrijd één op één met de keeper kan komen en dat is een enorme kwaliteit."

ADO Den Haag

ADO Den Haag hat dit seizoen noch mar ien wedstriid wûn. Allinnich fan VVV-Venlo waard der wûn (1-2). Fierder helle de ploech ien punt tsjin AZ (2-2). De minne resultaten hawwe derfoar soarge dat ADO-trainer Aleksandar Rankovic dien jûn hat. Syn opfolger, Ruud Brood, ferlear ferline wykein syn earste wedstriid as haadtrainer fan ADO mei 6-0 fan Sparta. Jim van der Deijl, fêste folger fan de klup foar Omroep West, freget him ôf oft Brood yngripe sil.

"De wedstrijd tegen Sparta was de slechtste wedstrijd van het seizoen. Ik denk ook wel dat Brood gaat ingrijpen, maar de vraag is hoe rigoureus hij dat kan doen. Je zou bijvoorbeeld John Goossens en Michiel Kramer in het elftal kunnen zetten, maar alle spelers daarachter zijn erg jong en onervaren. En in hoeverre is dat dan een versterking ten opzichte van nu."

De wedstrijd tegen Sparta was de slechtste van het seizoen.

Jim van der Deijl, Omroep West

Siem de Jong

Dizze wike kaam yn it nijs dat SC Hearrenfean graach Siem de Jong nei it noarden ta helje wol. De Jong (31) hat syn kontrakt net ferlinge by FC Cincinatti en soe foar Hearrenfean in serieuze opsje wêze. .

Mar neffens technysk manager Gerry Hamstra is dat net oan 'e oarder, omdat De Jong net transferfrij is. "We werken met lijsten en daar staan interessante namen op, maar De Jong heeft nog gewoon een contract. Maar dat hij een grote naam is in Nederland is, dat is wel duidelijk. Maar dat zegt niks over onze lijstjes, maar hij is voor ons wel een interessante speler."

Technysk manager Gerry Hamstra oer Siem de Jong:

Gerry Hamstra

Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg, Kongolo. J. Veerman, Dresevic/Hajal, Nygren, H. Veerman en Mitchell van Bergen.

De wedstriid wurdt sneontejûn om 20.00 spile en is live te folgjen fia de radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)