IM easket selstraffen tsjin trije fertochten yn Griene Stjer-saak

27 nov 2020 - 16:32

It Iepenbier Ministearje easke freedtemiddei selstraffen tsjin trije mannen dy't fertocht wurde fan ûntfiering en it besykjen ta deaslach tsjin in 18-jierrige man út Grins op 13 en 14 septimber 2019 yn de Griene Stjer yn Ljouwert. Op tongersdei easke de offisier fan justysje tsjin twa oare fertochten selstraffen ûnder betingst en tsjin in oare fertochte frijspraak.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It doe 18-jierrige slachtoffer fan Grins waard doe nei de Griene Stjer yn Ljouwert brocht. Yn de auto waard hy ûnderfrege oer in himpdeal dêr't tûzen euro spoarleas by ferdwûn wie. Yn it rekreaasjegebiet waard de Grinzer fêstbûn en syn eagen en mûle waarden mei ducttape tichtplakt. Hy waard slein en skopt, mei terpentine oergetten en úteinlik yn in sleat smiten. Hy slagge deryn himsels te befrijen.

Finzenisstraffen

In 20-jierrige fertochte út Ljouwert is neffens it IM skuldich oan ûntfiering en iepenlike geweldpleging tsjin it slachtoffer. Hy wie op it momint fan it pleegjen noch mar 19 jier âld. Op de advys fan de reklassearring easket de offisier in finzenisstraf fan 30 moannen, wêrfan't tolve moannen ûnder betingst.

Haadfertochten

Twa oare fertochten, in 33-jierrige man út Zwolle en in 27-jierrige man út Ljouwert binne neffens it IM skuldich oan ûntfiering en meipleegjen fan it besykjen ta deaslach op it slachtoffer. Neffens de offisier hiene dizze twa mannen in foaropset plan om it slachtoffer te ûntfieren en te mishanneljen om him op dy wize ûnder druk te setten en ynformaasje los te krijen. De 27-jierrige fertochte hat neffens it IM hjiryn liedend en stjoerend west en de 33-jierrige man wie syn rjochterhân.

De offisier easke tsjin de 33-jierrige man út Zwolle in finzenisstraf fan fiif jier. Tsjin de 27-jierrige man út Ljouwert easke de offisier in finzenisstraf fan fjouwer jier mei TBS mei twangferpleging.

De rjochtbank docht op freed 18 desimber útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)