Hege Ried stelt útspraak yn 'blokkearfriezen'-saak út

27 nov 2020 - 16:01

De Hege Ried docht tiisdei 1 desimber gjin útspraak yn de saak fan de blokkearfriezen. Dizze is oanhâlden, omdat de rjochters mear tiid nedich ha. De Hege Ried komt tiisdei wol mei in nije datum foar de útspraak.

Foto: Camjo Media

It giet yn dizze saak oer it wol oft net yn stân hâlde fan de taakstraffen dy't oplein binne oan seis Fryske aksjefierders. Se ha op 18 novimber 2017 op de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean demonstranten tsjin swarte pyt tsjinhâlden. Hjirtroch koene de demonstranten net nei Dokkum wêr't de lanlike yntocht fan Sinteklaas wie. De advokaat-generaal hat op 13 oktober it advys jûn oan de Hege Ried om de taakstraffen yn stân te hâlden.

Wurkstraffen

Fyftjin blokearfriezen binne yn oktober foarich jier yn heger berop feroardiele ta 90 oeren wurkstraf. Under harren Jenny Douwes, it boechbyld fan de aksje tsjin de demonstranten tsjin swarte pyt. Seis fertochten stapten nei de Hege Ried om harren feroardieling oan te fjochtsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)