UPDATE: A32 wer iepen nei ûngelok by Wolvegea

27 nov 2020 - 15:49

Op de A32 tusken Steenwijk en Wolvegea is freedtemiddei in ûngelok bard. In auto kaam dêrby yn de fangrail telâne. It ferkear út Steenwijk wei moat oant It Hearrenfean kin noch oer ien rydstrook.

Foto: ProNews

By it ûngelok is ien persoan ferwûne rekke, dy waard behannele yn in ambulânse. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend.

UPDATE 17:26 oere: De dyk tusken Wolvegea en It Hearrenfean is yntusken wer frijjûn.

Trefwurden: 
ûngelok A32 flechtstreek
(Advertinsje)
(Advertinsje)